Wethâlder Buwalda hâldt op

05 aug 2013 - 10:08
  • Gemeentehûs op It Hearrenfean

Wethâlder Lykele Buwalda fan de gemeente Hearrenfean stelt him by de kommende riedsferkiezings yn novimber net op 'e nij beskikber. Hy hat tweintich jier riedslid foar de PvdA west. De lêste tsien jier wie er wethâlder. Buwalda hat him ynset op terreinen dy't wichtig binne foar de PvdA, lykas sosjale saken, wurkgelegenheid en wolwêzen.

De PvdA wiist op 27 augustus in opfolgerfoar Buwalda oan. De ferkiezings wurde op 13 novimber hâlden fanwege de gemeentlike weryndieling. Hearrenfean krijt yn 2014 in part fan Boarnsterhim.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)