Wethâlder biedt krúske oan

07 jan 2010 - 17:28

Wethâlder Feenstra fan Hearrenfean sil sneon ien fan syn Alvestêdekrúskes oerlangje oan Gerrit ter Voorde út Brummen út Gelderlân. De man is syn trije krúskes kwytrekke by in ynbraak healwei desimber yn syn hûs.

Ter Voorde wie bot oandien troch it foarfal en dat krige Feenstra te hearren. Dêrop hat de wethâlder oanbean om ien fan syn krúskes ôf te stean. Feenstra hat de Alvestêdetocht trije kear riden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)