Wetenswaterhuis iepene

25 okt 2010 - 21:49
  • Foto: Omrop Fryslân

Fryske bern krije dizze wike yn it Frysk Natuermuseum yn Ljouwert de kâns om al boartsjend út te finen of se yn de takomst mei wetter wurkje wolle. Yn it saneamde 'Wetenswaterhuis' is in folslein laboratoarium neiboud. Der wurdt fan alles tentoansteld op it mêd fan wetter.

De bedoeling is om sawol bern as âlders yn 'e kunde komme te litten mei in grut ferskaat oan tapassings fan wetter yn Fryslân. It giet om in inisjatyf fan Fryslân Unlimited.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)