West'werf ferleget leezjes

28 apr 2011 - 10:03
  • De gemeente draait de ferheging werom

De gemeente Weststellingwerf past de leezjes opnij oan. In ferheging fan de leezjes dy't earder foarsteld wie, wurdt foar in part weromdraaid. Oanlieding is de krityk út de gemeente.

Benammen maatskiplike organisaasjes kamen yn de problemen troch de hege leezjes. Foar harren bliuwe de tariven itselde. Kommersjele inisjatieven moatte wol it hege taryf betelje. Organisaasjes dy't tefolle betelle ha krije it jild werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)