Weststellingwerf ropt op net troch bermen te riden

12 feb 2016 - 21:21

De gemeente Weststellingwerf docht in berop op automobilisten om op de diken yn it bûtengebiet net troch de bermen te riden. Troch it wiete waar wurde de bermen gau stikken riden. Dêrneist kin it gefaarlike situaasjes opsmite, as auto's troch de sêfte ûndergrûn fuort glide.

De gemeente advisearret bestjoerders om mekoar net al te hurd te passearjen en gebrûk te meitsjen fan ferhurde ynritten en passearstroken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)