Weststellingwerf: jild oer

26 maaie 2008 - 22:40

De gemeente Weststellingwerf hat ferline jier hast sân ton oerhâlden. Dat komt benammen omdat der fan it Ryk mear jild kaam as dat op rekkene wie. Ek smiet de ferkeap fan grûn mear op en pakte wurk oan brêgen en diken goedkeaper út as tocht.

Boargemaster en wethâlders stelle de gemeenterie foar it oerskot te stoarten yn de algemiene reserve. Weststellingwerf hie foar 2007 krekt rekkene op in tekoart fan hast sân ton.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)