Weststellingwerf foar REC

20 maaie 2007 - 10:57

Fryslân moat in eigen reststoffe- enerzjysintrale krije. Dat fynt it gemeentebestjoer fan Weststellingwerf. B&W fine wol dat der noch gjin definityf beslút nommen wurde kin oer de lokaasje fan de sintrale.

Op dit stuit is it plan om de ôffalsintrale yn Harns te bouwen. Weststellingwerf wol de saneame MER-rapportaazje dêroer ôfwachtsje. Moandei praat de gemeenteried der oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)