Weststellingwerf fjirde Fairtrade gemeente yn Fryslân

09 des 2014 - 22:12
  • Gemeente Weststellingwerf

De gemeente Weststellingwerf is Fairtrade gemeente wurden. De lanlike Fairtrade organisaasje hat dy titel oan de gemeente jûn. Dêrfoar is it nedich dat der yn de gemeente genôch Fairtrade produkten brûkt of ferkocht wurde. In spesjale wurkgroep kaam yn jannewaris fan dit jier foar it earst bymekoar. Yn krap in jier tiid ha se it foarmekoar krigen om de titel te heljen.

Njonken Weststellingwerf ha yn Fryslân ek de gemeenten It Bilt, Tytsjerkteradiel en Eaststellingwerf de titel Fairtrade gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)