Westra's ploech yn middenmoat

22 sep 2013 - 17:24
  • Lieuwe Westra op it startpoadium
  • Lieuwe is los

Lieuwe Westra is it wrâldkampioenskip hurdfytsen yn Italië begûn mei in 16e plak. Mei syn ploech Vacansoleil-DCM moast er yn de ploegetiidrit mear as trije en in heale minút tajaan op Omega Pharma Quick Step, ferline jier ek al winner. Yn dy ploech fytst Niki Terpstra. It ferskil nei 57 kilometer mei de nûmer twa Orica GreenEdge wie minder as in tel.

Woansdei komt Westra wer yn aksje op itselde parkoers tusken Montecatini Terme en Florence. Dan giet it om de yndividuele tiidrit. Takom snein komme Pieter Weening en Bauke Mollema yn aksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)