Westra yn WK ploegetiidrit

11 sep 2012 - 11:56
  • Lieuwe Westra

Lieuwe Westra komt snein 16 septimber mei syn ploech Vacansoleil-DCM út op it wrâldkampioenskip ploegetiidrit. Westra krijt selskip fan Martijn Keizer, Marco Marcato, Gustav Erik Larsson, Tomasz Marczynski en Thomas de Gendt. Westra is Nederlânsk kampioen tiidriden, Larsson is de kampioen fan Sweden. It WK foar merketeams wurdt foar it earst ferriden. It parkoers foar de ploegen is 53,2 kilometer lang en giet fan Sittard nei Valkenburg.

Op woansdei 19 septimber rydt Lieuwe Westra ek de yndividuele WK-tiidrit oer goed 45 kilometer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)