Westra wint omloop Trynwâlden

01 sep 2007 - 17:45
  • Lieuwe Westra fan Mûnein is sneon winner wurden yn de Trynwâlden

Lieuwe Westra is winner wurden fan de 'De Omloop van de Trynwâlden'. Nei 100 kilometer kaam de hurdfytser fan Mûnein solo oer de einstreek.

Nei sa'n 70 kilometer ûntstie der in kopgroep fan tsien man. De sterkste fiif fan dy tsien naaiden wer út. Yn de finale bleaune der trije man oer: Westra, Germ van der Burg fan Nijlân en de Burgumer Frank Wierstra. Van der Burg waard twadde.Wierstra, in ploechmaat fan Westra, waard tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)