Westra: "Twadde plak fan 2011 en 2012 spûke troch de holle"

31 mrt 2016 - 22:12
  • Lieuwe Westra

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje hat tongersdeitemiddei mei mingde gefoelens de Driedaagse fan De Panne wûn. Yn de ôfslutende tiidrit oer 14 kilometer sette Westra de fjirde tiid del, en makke syn efterstân fan 12 sekonden goed op klassemintslieder Alexander Kristoff fan Noarwegen. "It gefoel wie net goed, mar op 'e streep liicht de tiid dochs net. Hy wie sterk genôch om dit moaie rûntsje in kear te winnen."

Westra tinkt dat de tarieding foar de race úteinlik wol better kind hie. "Ik ha net folle op de tiidrydfyts sitten. It is de twadde kear dat ik der op sitten ha, mar de fuotten binne goed en de kondysje is goed en dat bringt my ta dizze hele moaie oerwinning."

It is de earste kear dat Westra dizze rittekoers wint. Yn 2011 en 2012 wie er al ris twadde yn de Driedaagse fan De Panne. "Ik haw der in pear kear oan tocht. It sil toch net wer? Mar dat gefoel hat west en ik ha no de wite trui oan."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)