Westra tekent by Vacansoleil

18 sep 2008 - 15:03

Hurdfytser Lieuwe_Westra fan Mûnein hat tongersdei in 2-jierrich kontrakt by Vacansoleil tekene. Dêrmei is Westra, nei Pieter Weening fan De Harkema (Rabobank) en Wim Stroetinga fan Aldeberkeap (Milram), de tredde Fryske hurdfytsprof.

Vacansoleil is in ploech mei in protte ambysjes. Se wolle takom jier al yn klassikers as De Ronde van Vlaanderen ride. Westra moat noch wol in stap meitsje mar hopet him takom jier al sjen te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)