Westra tefreden oer syn Tour

27 jul 2014 - 23:02
  • Lieuwe Westra

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje is de earste Fries dy't mei syn ploech de giele trui nei Paris wit te bringen. De kopman fan de ploech, Vincenzo Nibali, wie dizze Tour fierwei de bêste rider. Westra sels hâldt in goed gefoel oer oan de Frânske rittekoers. Syn hichtepunt wie de ferneamde kasseierit nei Arenberg. Westra waard dêr achtste en holp sa Nibali oan in goede basis foar syn tourwinst.

De kommende wiken docht hy it rêstich oan. Hy komt allinnich oan de start yn de kriteariums fan ûnder oare Boxmeer en Surhústerfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)