Westra 'stiet der goed foar'

08 mrt 2014 - 12:14
  • Lieuwe Westra yn de kleuren fan Astana

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje mei snein foar it earst dit jier oan de bak yn Europa. Hy stiet oan de start fan Parys- Nice, de rit nei de sinne. Dit kear yn in wat oare rol as oars. Want yn 2012, doe't hy foar Vacancesoleil ried, wie hy de kopman. No rydt hy foar Astana en moat hy kopman Vicenzo Nibali bystean.

Parijs-Nice is foar Westra it echte begjin fan it hurdfytsseizoen. Westra fynt it wol spitich dat der dit jier gjin tiidrit yn de etappekoers sit. De etappekoers duorret oant en mei 16 maart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)