Westra start yn Surhústerfean

16 jul 2010 - 16:58

Lieuwe Westra fan De Tynje hat de organisaasje witte litten dat hy oan de start stean sil by de 29ste edysje fan de Profronde fan Surhústerfean. Gelyk nei de finish rydt Westra dan troch nei Denemarken om dêr in fiif-daagse koers te riden.

Oft Pieter Weening oan de start stean sil is noch ûnwis. Weening wol in dei nei Surhústerfean yn Burgos ride as tarieding op 'e Vuelta. Mar dy koers is net te kombinearjen mei it kriterium yn Surhústerfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)