Westra sjocht swarte snie

14 maaie 2013 - 01:00

Lieuwe Westra is nei ien dei yn de Ronde fan Kalifornië syn giele liederstrui wer kwyt. Yn de twadde etappe oer 200 kilometer nei Greater Palm Springs waard it in slachfjild. Mei temperatueren fier boppe de 40 graden brocht de steile klim nei de einstreek de beslissing. Wrakseljend kamen de hurdfytsers ien foar ien oan. De Kolombiaan Janier Acevedo wie de sterkste. Hy pakte de ritwinst en de liederstrui. Westra kaam op grutte efterstân binnen.

It kommentaar fan de hurdfytser út De Tynje wie nei ôfrin dúdlik: 'As ik fol gas jûn hie, wie ik der net mear west. Dit wie net normaal. Sa gleonhjit!'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)