Westra set seizoen goed útein

27 jan 2013 - 17:33

Lieuwe Westra is it nije seizoen hurdfytsen op de dyk snein útein set mei in alfde plak op de Grand Prix d'Ouverture La Marseillaise. Dêrmei wie de hurdfytser fan Vacansoleil-DCM de bêste Nederlanner. In goed begjin, liet Westra op twitter witte.

De winst gong ferrassend nei de 26-jierrige Frânsman Justin Jules, dy't nei goed 148,1 kilometer de rapste wie yn de einsprint.

Westra makket him no op foar de Ster fan Bessèges yn Frankryk, dy't fan 30 jannewaris oant 3 febrewaris duorret.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)