Westra op dreef yn België

02 apr 2009 - 17:23
  • Lieuwe Westra

Hurdfytser Lieuwe Westra is twadde wurden yn de ôfslutende tiidrit fan de Trije Dagen fan De Panne yn België. Mei 18 minuten en 21 sekonden oer 14,7 km hold de 26-jierrige hurdfytser fan Mûnein ferneamde tiidriders as Stijn Devolder en Joost Posthuma achter him. De tiidrit waard wûn troch Bradley Wiggins út Ingelân, dy't 20 sekonden rapper wie.

Yn it einklassemint is Westra as 17e einige. De Belch Frederik Willems waard earste, foar Joost Posthuma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)