Westra nei Tour Down Under

08 jan 2014 - 18:31
  • Lieuwe Westra

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje docht fan 19 jannewaris ôf mei oan de Tour Down Under. Yn de Australyske wedstryd riidt er foar it earst foar syn nije ploech Astana.

Woansdei waard Westra offisjeel presentearre by de Kazakske ploech. De kâns is grut dat de Fryske hurdfytser ek de Tour de France ride mei foar Astana. Neffens Westra stiet syn hiele programma no al yn it teken fan de Tour.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)