Westra moat rêstich oan dwaan

11 aug 2014 - 15:17
  • De stikkene knibbel fan Westra

Hurdfytser Lieuwe Westra moat it de kommende tiid kalm oandwaan. Ofrûne tongersdei waard er twadde yn de profronde fan Oostvoorne, mar hy kaam ek hurd op syn knibbel telâne nei in falpartij. Op snein hat Westra noch meidien oan it profomnium fan Zevenbergen. Dêr wûn er noch in koart tiidritsje en waard er achter de Dútser John Degenkolb twadde yn de einstân.

Moandeitejûn soe de hurdfytser fan De Tynje koerse yn België, yn Wilrijk. Omdat de knibbel bot opspilet hat syn âld-ploechdokter fan Vancansoleil Lieuwe ferbean om te fytsen.

Wol hat de dokter in antibioatikakuer foarskreaun.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)