Westra mikt op profkarriêre

27 feb 2008 - 17:17
  • Lieuwe Westra wol prof wurde

Foar Lieuwe_Westra fan Mûnein begjint sneon it hurdfytsseizoen mei de Ster van Zwolle. In protte oare Fryske hurdfytsers sille ek meidwaan oan 'e iepeningsklassiker oer goed 175 km.

De 25-jierrige Westra wol him dit seizoen sa goed sjen litte dat er beropshurdfytser wurde kin. It ôfrûne seizoen wiene syn prestaasjes goed, mar slagge de oerstap nei de profs net. It nije seizoen jout nije kânsen foar de Mûneinster en de oaren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)