Westra hat skuor yn ribben

07 jun 2013 - 15:38
  • Lieuwe Westra op it WK

Lieuwe Westra hat yn trije ribben in skuor, mar der is neat brutsen. Dat twittert de hurdfytser sels nei ôfrin fan ûndersyk yn it sikehûs. Hy meldt ek dat it skouder en de earmtakke him sear dogge en dat de knibbel iepenleit.

Westra foel moandei yn de twadde etappe fan de rittekoers Critérium du Dauphiné by in ôfdaling. Hy ried yn in gat en sloech oer de kop. De koereur fan Vacansoleil ried earst troch, mar moast it nei de tiidrit fan woansdei opjaan.

Nei in behanneling troch de masseur krige Westra bot lêst fan 'e ribben. Westra syn dielname oan de Tour de France komt net yn gefaar troch de blessuere, sa waard freedtemiddei bekend. Takom wike hopet er wer yn koers te sitten yn de ZLM-Tour yn Nederlân en België.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)