Westra giet foar topseizoen

06 feb 2013 - 18:07

Lieuwe Westra is wer ris in wike op De Tynje. De hurdfytser hat krekt syn earste etappekoers fan it seizoen, de Ster fan Bessèges, derop sitten. Fan 'e winter hat er in protte trainingskilometers makke yn Spanje. It gefoel oan it begjin fan syn fiifde seizoen tusken de profs is goed. Westra sil in protte etappewedstriden ride, mei deryn in tiidrit, syn spesjaliteit. De Nederlânske kampioen tiidriden wol syn titel prolongearje en ek de Ronde fan Frankryk is ien fan de grutte doelen. De earstkommede wedstriid is de Ronde fan de Algarve.

Dêrnei komt Parys-Nice, de wedstriid dêr't Westra ferline jier furoare makke mei in twadde plak achter Bradley Wiggins

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)