Westra einiget yn peloton

28 jul 2012 - 17:01
  • Lieuwe Westra

By de hurdfytswedstriid op de wei by de Olympyske Spelen yn Londen hat Lieuwe Westra sneon hast de hiele dei yn de kopgroep riden. De hurdfytser fan De Tynje koe dat net folhâlde oan 'e ein ta. Op likernôch fjirtich kilometer foar de ein moast er losse. De wedstriid waard wûn troch de Kazak Alexander Vinokourov. Hy wie yn de sprint rapper as de Kolombiaan Uran.

Lieuwe Westra ried mei it peloton oer de einstreek. Hy siet net by de earste tritich dy't finishten. Lars Boom wie op it alfde plak de bêste Nederlanner.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)