Westra de bêste yn Denemarken

26 aug 2012 - 16:06

Lieuwe Westra hat de 23e edysje fan de Ronde fan Denemarken op syn namme skreaun. De hurdfytser fan De Tynje starte snein yn de giele liederstrui oan de lêste etappe oer 165 kilometer. Syn foarsprong kaam yn de slotetappe fan Slagelse nei Frederiksberg net mear yn gefaar. De winst wie foar de Brit Mark Cavendish.

Westra is nei Servais Knaven de twadde Nederlanner dy't de Ronde fan Denemarken wint. It is syn tredde grutte súkses fan dit jier. Earder al wûn Westra in etappe yn Parys-Nice en waard er Nederlânsk kampioen tiidriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)