Westra bliuwt 2e yn Parys-Nice

09 mrt 2012 - 17:08
  • Lieuwe Westra

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje stiet nei de sechde etappe fan Parys-Nice noch hieltiid op it twadde plak op seis tellen fan lieder Bradley Wiggins. Westra kaam binnen yn it peloton.

De etappe oer goed 178 kilometer waard wûn troch de Spanjaard Luis Leon Sanchez fan de Rabobankploech. Hy wie tegearre mei Jens Voigt as iennichste oerbleaun út in kopgroep fan 26 renners. Bauke Mollema fan Ljouwert, dy't útkomt foar de Raboploech, stapte freed griperich ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)