Westra begûn mei Spelen

28 jul 2012 - 11:21
  • Lieuwe Westra

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje is om alve oere begûn oan syn Olympyske wedstriid op de dyk. Westra fytst mei fjouwer ploechmaten foar Nederlân. Dat binne kopman Niki Terpstra, Robert Gesink, Lars Boom en Sebastian Langeveld.

De wedstriid giet oer 250 kilometer. De fytsers moatte njoggen kear oer de heuvel Box Hill. It parkoers is poergeskikt foar klassikerspesjalisten. De Britske hurdfytser Mark Cavendish jildt as de grutte favoryt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)