Westra 2e yn etappe Dauphiné

13 jun 2014 - 15:24
  • Lieuwe Westra yn de kleuren fan Astana

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje is freed as twadde einige yn de sechde etappe fan it Criterium du Dauphiné. Hy ferlear in sprint mei Jan Bakelants út België. Westra gie te betiid oan, wêrnei't Bakelants him op de streep noch passeare koe. Beide manlju wiene ontsnapt út de kopgroep fan de dei mei ûnder oare de Nederlanners Bram Tankink en Pim Ligthart.

Yn it algemien klassemint bliuwt Chris Froome út Grut-Brittannië lieder en stiet Wilco Kelderman mei Alberto Contador op in dield twadde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)