Westlik trasee yn Steande-Mêst

21 apr 2004 - 00:00

De Steande-Mêst-rûte by Wergea wurdt in westlik trasee. Nei goed in jier praten gie de ried fan Boarnsterhim tiisdei offisjeel akkoart mei dy fariant. Foar de eastlike rûte wie it dreech de grûn beskikber te krijen. Ek soe de oanlis dêr fertrage wurde kinne troch argeologyske fynsten.

By de oanlis wurdt rekken hâlden mei in stik boerelân. By de wiziging fan it bestimmingsplan wurdt ek rekken hâlden mei sportfjilden en in plande kanorûte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)