Westers wol Skylge oertsjûgje

18 feb 2014 - 15:59
  • Skylge

It moat út wêze mei de yndianeferhalen oer de nijbou fan it Westcord Hotel op Skylge. Dat seit eigener Harry Westers. Mei makettes en tekeningen wol Westers riedsleden en Skylgers oerhelje om syn plannen trochgean te litten. Ferline jier stimde de gemeenteried tsjin de nijbouplannen fan Westers oan de Dellewal.

Mei in ynformaasje-offensyf hopet Westers dat syn plannen trochgean kinne en dat sawol hy as de gemeente in djoere rjochtsaak foarkomme kinne. Neffens Westers binne de Skylgers en de gemeenteried net goed ynformearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)