Westerhuis mei op saak bliuwe

28 aug 2012 - 19:09
  • Justysje

Alie Westerhuis mei dochs advokaat bliuwe fan de fertochte yn de saak Murkje de Vries. In fersyk om har fan de saak te heljen is ynlutsen. It Iepenbier Ministearje hie it fersyk yntsjinne by de presidint fan de rjochtbank, omdat se falske ferklearings jûn hawwe soe om oan ynformaasje te kommen. Ek soe se tefolle flaters makke hawwe. It Iepenbier Ministearje hat it fersyk no ynlutsen, omdat it earst de tuchtproseduere ôfwachtsje wol dy't by de deken fan advokaten yntsjinne is. Neffens Westerhuis sels kin dat noch moannen duorje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)