Westerhof wol mear muzykûnderwiis foar basisskoallebern

10 jun 2015 - 17:47
  • Gitaar

Direkteur Oeds Westerhof fan Kulturele Haadstêd 2018 sil him de kommende fiif jier ynsette foar mear muzykûnderwiis foar bern tusken de 4 en 12 jier. Hy docht dat as nij lid fan it Platfoarm Ambassadeurs Muzykûnderwiis. Hy fertsjintwurdiget Fryslân ûnder oaren yn it projekt 'Meer muziek in de Klas'. Dat projekt hat ta doel om alle bern fan de basisskoallen yn 2020 struktureel muzykles te bieden. Ein 2016 moat der boppedat in tillevyzjeprogramma komme dêr't de bern út alle provinsjes sjen litte kinne wat sy mei muzyk op skoalle dogge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)