'Westergowei moat feiliger'

17 okt 2013 - 20:35

Provinsjale steaten moatte jild beskikber stelle om de Westergowei tusken Ljouwert en Boalsert feiliger te meitsjen. Dy oprop diene de fertsjintwurdigers fan 13 doarpsbelangen út de regio tongersdei oan de steaten.

De Westergowei wurdt troch de omwenners al sûnt de iepening yn 1976 sjoen as in ûnfeilige dyk, benammen by de ferskate krúspunten. Allinne al yn de lêste fiif jier ha der 82 ûngelokken west. Ferskate steateleden wiene tongersdei yn Wommels te gast en giene mei de doarpsbelangen by de gefaarlike krúspunten del.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)