Westergosône moat regelfrij

29 sep 2006 - 14:04

De Westergosône moat in regelfrije ekonomyske sône wurde. Dat sei foarsitter Frans Nieuwhof fan 'e regiorelaasjedagen yn Menaam freed by de offisjele iepening.

It gebiet tusken Harns en Ljouwert soe in paradys foar ûndernimmers wurde troch allegear drege regels foar bedriuwen te skrassen. Nieuwhof tinkt dat allinnich sa de Westergosône him fierder ûntwikkelje kin. Nieuwhof is ynspirearre troch Shanghai.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)