Westergoawei ticht om frachtwein

12 feb 2004 - 00:00

De Westergoawei wie woansdeitejûn ôfsletten foar ferkear. Dat wie nedich om in kantele frachtwein te bergjen. De wein en oplizzer mei âld papier wie middeis al kantele op de krusing mei de Hendrik Algrawei. De bestjoerder (34) út Bitgummole rekke net ferwûne.

It ferkear hie middeis wat lêst fan de frachtwein mar de dyk hoegde net ticht. Nei 18.00 oere is mei it bergjen begûn om't de dyk hielendal frij wêze moast. De dyk waard om 23.00 oere wer frijjûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)