'Westergoawei moat feiliger'

18 jul 2014 - 11:06
  • In ûngelok op de Westergoawei

It kolleezje fan de gemeente Littenseradiel sil it provinsjebestjoer nochris wize op har ferantwurdlikens foar de feilichheid fan de Westergoawei. Oanlieding is it slimme ûngelok tongersdeitejûn by Wommels. By dat ûngelok ferstoar in 81-jierrige frou út Littenseradiel en rekken fjouwer minsken ferwûne.

Neffens it kolleezje, dat oandien is troch it safolste ûngelok, toant dit noch mar wer ris de needsaak foar yngripende maatregels. Gemeente en bewenners freegje by de provinsje al jierren om maatregels foar de ûnfeilige provinsjale dyk.

De provinsje Fryslân praat yn septimber oer de Westergoawei. De gemeente Littenseradiel giet der fan út dat it jild foar de oanpak fan de krúspunten beskikber steld wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)