'Westergo' op beurs Alkmaar

12 nov 2005 - 13:23

De Westergogemeenten stean nije wike mei-inoar op in regionale bedriuwebeurs yn Alkmaar. De fjouwer gemeenten Harns, Frjentsjerteradiel, Menameradiel en Ljouwert wolle op de beurs de ûndernimmers yn Noard-Hollan ynteressearje foar har grûngebiet.

Se dogge dat mei in grutte stand dêr't tema's as berikberens, glêstúnbou, haven en wenjen yn oan bod komme. De beurs wurdt op 22 en 23 novimber hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)