Westereinders oanholden

12 jan 2008 - 11:01

De plysje hat twa ynwenners fan De Westerein oanhâlden. Ien fan de beide fertochten, in 23-jierrige man, hie op nijjiersjûn in stik swier fjoerwurk yn de tún smiten fan in wente oan de Salomon Levystrjitte yn de Westerein.

Der ûntstie rúzje en de twadde fertochte, in 45-jierrige man, helle in pistoal en bedrige twa manlju. It pistoal en noch in oar wapen waarden by it plysje ûndersyk oantroffen by twa doarpsgenoaten fan de fertochten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)