Westerein takom jier Westereen

29 jan 2008 - 14:48
  • No noch De Westerein...

De Westerein wurdt fan takom jier ôf offisjeel De Westereen. Dat hawwe B en W fan Dantumadiel tiisdei besletten. Se fiere in moasje út dy't troch de gemeenteried oannaam is.

De ynwenners neame it doarp al sûnt jier en dei De Westereen. Ut in enkête kaam nei foaren dat hast likefolle minsken fûnen dat it De Westerein wêze moast. Mar neffens Doarpsbelang hawwe in soad pro-Westereenders de enkête net ynfolle of ferstjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)