Westerein: fjouwer stoptreinen

11 aug 2007 - 13:12
  • De trein hâldt no faker stil op 'e Westerein

De Westerein is bliid mei de nije tiden fan 'e stoptrein Ljouwert-Grins. De trein stoppet fan 10 septimber ôf fjouwer kear yn 'e oere yn it doarp. Oars wie dat twa kear yn 'e oere. De ferromming fan 'e tsjinstregeling is mooglik omdat de nije Spurttreinen hurder ride as de âlde treinen.

De rappe trein nei Grins set in minút letter ôf as oars. Reizgers út de rjochting Harns hawwe no mear tiid om oer te stappen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)