Westereen krijt nije kazerne

08 aug 2013 - 14:13
  • Sa komt de nije brânwachtkazerne derút te sjen

De bou fan de brânwachtkazerne op De Westereen set nije wike útein. De nije kazerne komt oan de rûnwei te stean. Boubedriuw De Terp út Driezum hat de opdracht foar de bou krigen. De gemeente Dantumadiel hie allinnich pleatslike bedriuwen frege yn te tekenjen. Koartlyn is in nij ynkeapbelied fêststeld dat bedoeld is om wêr mooglik wurk oan regionale ûndernimmers te gunnen.

Yn desimber moat de kazerne klear wêze foar gebrûk. De totale boukosten berinne in lyts heal miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)