Westereen: Hûntsje deabiten

16 aug 2011 - 12:09
  • Nikky

De plysje ûndersiket de dea fan in hûntsje op de Westereen. Dêr brutsen moandei twa agressive fjochthûnen los. Yn de Eysmastrjitte bieten dy it hûntsje fan de famylje De Valk dea. Nikky wie al alve jier by de famylje. Se binne dan der dan ek goed ôf troch de dea fan it bistke.

Siebe de Valk makket him mei buertgenoaten soargen oer de situaasje. De grutte fjochtershûnen brekke wol faker los. De buert is benaud foar gruttere ûngelokken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)