Westerbaan offisjeel fallyt

28 nov 2002 - 00:00

Boubedriuw Westerbaan fan Ljouwert is fallyt ferklearre. De rjochtbank fan Ljouwert hat it fallisemint tongersdei útsprutsen. Dúdlik waard dat Westerbaan in skuld hat fan mear as 10 miljoen euro. De ûndergong fan Westerbaan hong al in pear dagen yn 'e loft.

Santich fan de 120 wurknimmers krigen earder al dien. Westerbaan hat de lêste jierren grutte risiko's nommen mei projekten as it Adverium, it Aquaverium en Crystalic.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)