West-Friesland lûkt beswier yn

01 jul 2010 - 21:40

De gemeenten yn West-Friesland yn Noard-Hollân lûke it beswier tsjin de nije namme fan de fúzjegemeente yn de Súdwesthoeke yn. Dizze wike waard bekend dat fjouwer fan de fiif gemeenten kieze foar de namme Súdwest-Fryslân.

Earder makken de gemeenten yn West-Friesland beswier tsjin dizze namme om't it tefolle liket op har namme. Mar om't harren no dúdlik is dat de namme fan de fúzjegemeente yn it Frysk is, fine se it prima.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)