Wesseling traint sneon net

02 sep 2006 - 00:00

Cambuur-trainer Roy Wesseling hat sneon alle spilers frij jûn. Nei it ferlies tsjin VVV Venlo fûn Wesseling it ferstannich om net te trainen. Sels wol de Cambuur-trainer net reagearje op it berjocht. Hy ferwiist nei it management.

Manager Peter de Roo fynt it beslút fan Wesseling ferstannich. Neffens De Roo hat it net-trainen fan Wesseling neat te meitsjen mei in mooglik ûntslach of opstappen fan de trainer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)