Wesseling hâldt nei seizoen op

13 jan 2007 - 12:36
  • kontrakt Wesseling wurdt net ferlingd

Roy Wesseling hâldt oan de ein fan dit seizoen op by Cambuur. Syn kontrakt wurdt net ferlingd. Neffens de trainer en it bestjoer fan de Ljouwerter fuotbalklub is it beslút yn goed oerlis nommen.

Neffens Wesseling is der in lêst fan him ôffallen. De trainer kaam yn 2005 fan Haarlem. Fanwege minne risseltaten stelde de nije direkteur him in ultimatum dat de ploech punten helje moast. Cambuur stiet no 16e.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)