Wesseling bliuwt by Cambuur

10 okt 2006 - 15:31

Roy Wesseling bliuwt foarearst trainer fan Cambuur. Tiisdei hat de trainer mei de direksje en de rie fan kommissarissen om 'e tafel sitten. De útkomst: de kjeld is fan 'e loft en it fertrouwen yn elkoar is útsprutsen.

Lykas bekend wie fjirtjin dagen lyn Roy Wesseling de wacht oansein. Hy moast mei syn ploech risseltaat helje. Dat slagge ôfrûne freed doe't Cambuur foar it earst wûn. Tsjin Fortuna Sittard waard it 2-1.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)