Wessel Dammers makket debút by Cambuur

28 aug 2015 - 13:01
  • Wessel Dammers

Wessel Dammers makket snein yn de útwedstriid fan SC Cambuur tsjin Vitesse syn debút yn de basis. Dammers spilet mei Peersman yn it sintrum fan de ferdigening. Hy waard ôfrûne wike hierd fan Feyenoord. Martijn van der Laan wurdt linksback; Calvin Mac-Intosch rjochtsback. Op it middenfjild feroaret neat, foaryn is Narsingh noch in twifelgefal.

Neffens trainer Henk de Jong hawwe de spilers goed reagearre op it 6-1 ferlies sneon tsjin Heracles. Nei in dei bale, hawwe sy kritysk nei har sels sjoen en is de stimming wer posityf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)