Werynrjochting Oerterp klear

08 des 2010 - 09:54

De Weibuorren en it Lijteplein yn Oerterp wurde sneon opnij iepene. De gemeente hat trije miljoen euro op it kleed lein foar dizze werynrjochting. Pleatslik Belang en de ûndernimmers wolle de sintrumfunksje fan it doarp fersterkje. It winkel- en wenklimaat moat better wurde.

De ferkearsfeilichheid en de ynrjochting fan de iepenbiere romte binne no oanpakt. Ferline jier binne de wurksumheden begûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)